Oer de JDOF

Fêste ûnderdielen binne moderne dûns, jazzdûns, klassyk ballet en dûnsekspresje. Ek wurdt der les jûn yn oare dûnsstilen en oare dissiplines lykas urban, ymprovisaasje en choreografy. Alle lessen wurde jûn troch spesjalisten op har gebiet.

De treddejiers learlingen hawwe de haadrol by de einfoarstelling, mar alle oare learlingen dûnsje ek mei. Om noch mear poadiumûnderfining op te dwaan wurdt der regelmjittich optreden. Dizze presintaasjes binne dan ûnderdiel fan in foarstelling (yn de eigen dûnsstudio of yn de Fryske teaters), festival of in oare spesjale gelegenheid, lykas in lokaasjeprojekt.

De JDOF is sûnt july 2013 offisjeel erkend Leerbedrijf Artyst.

Foar wa?
De JDOF is foar jongeren fan 12 oant en mei 18 jier, dy’t fanút dûnsskoallen, kreativiteitssintra of gymnastykferienings al aktyf mei dûns dwaande binne en dy't har fierder ûntwikkelje wolle. Mar ek foar jongeren dy talintearre binne, dy’t gek fan dûnsjen binne, dy’t fan bewegen hâlde, motivearre binne en faker traine wolle. Ast do tusken 12 oant 14 jier bist en op it fuortset ûnderwiis sitst of dêr nei de simmerfakânsje nei ta giest, kinsto audysje dwaan.

Kosten 
Foar it kursusjier 2020-2021 jilde de folgjende tariven:
Tariedend jier € 450,-
1ste, 2de en 3e jier € 600,-
TOP groep € 350,-

It kursusjild wurdt altyd ind, ek by it earder ôfbrekken fan it rinnende kursusjier. By de oergong nei in folgjend kursusjier kin de learling foar de start fan it nije seizoen der sûnder ekstra kosten mei ophâlde.

Foar âlders mei beheinde finansjele middels is it Jeugd Cultuurfonds yn it libben roppen, sjoch: cultuurfonds.nl

Hoe kinsto dy oanmelde?
Wolsto oannommen wurde op de JDOF dan moatst audysje dwaan. Alle jierren wurde dizze audysjes yn’e maitiid holden en oan it begjn fan it nije lesjier.
 

Stifting JDOF
De oplieding fan de stifting Jeugd Dûns Oplieding Fryslân is sûnt 2002 mooglik makke troch in subsydzje fan de Provinsje Fryslân.

Meld dy oan foar de audysje

Wat is de JDOF?

De Jeugddansoplieding Fryslân is in opleiding fan trije jier mei in tariedend jier foar jong dûntalint yn Fryslân yn Neushoorn yn Ljouwert.

Trening

Besjoch de ferskate programma's hjir

Subsydzjes & sponsors